Willem Molenaar fan Aldeberkeap keninklik ûnderskieden

De 75-jierrige Willem Molenaar fan Aldeberkeap hat freedtejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Dat barde by de iepening fan keunstrûte Iepen Stâl yn de Koepelbosch yn Aldeberkeap. Boargemaster Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf spjelde Molenaar dêr it lintsje op.
Molenaar is frijwilliger by ferskate organisaasjes en aktiviteiten, lykas it ringstekken yn Aldeberkeap, de tennisferiening en de hartekampkommisje.