Foar de tredde kear yn twa dagen boskbrân op Skier

27 jul 2018 - 19:44

De brânwacht op Skiermûntseach hat freedtejûn op trije plakken in natuerbrân dwêst. De brannen wiene yn de buert fan de fjoertoer oan de noardkant fan it eilân. Twa gebieten fan trijehûndert kante meter en in gebiet fan hûndert kante meter binne ferlern gien.

Foto: Srfotografie

Ek de boeren mei harren jarretanks waarden oproppen. Dat is it saneamde 'ondersteuningspeloton'. Der binne yntusken ekstra brânwachtlju fan de fêste wâl nei it eilân kaam om de manskippen te helpen.

Tongersdei wie der ek al in flinke brân oan de westkant fan Skiermûntseach en freed wie it raak mear midden op it eilân.

Trefwurden: 
Skiermûntseach boskbrân
(advertinsje)