Fentilators rôversguod yn de waarmste wike fan it jier

27 jul 2018 - 19:12

It keapjen fan in fentilator foel freed, nei de waarmste nacht ea metten, net ta yn Ljouwert. Danny Lenting gie de hiele stêd troch op syk nei in fentilator, mar hearde oeral nee. Hy wie bliid ferrast doe't er op winkelsintrum De Centrale dochs in pear minsken mei in nije fentilator rinnen seach. "Ik dacht: daar moet ik bij zijn!"

Njonken fentilatoren wiene ek de swimbadsjes net mear te krijen - Foto: Omrop Fryslân

Lenting hat waarm wurk en wol graach nachts in bytsje goed sliepe, Yn de nacht fan tongersdei op freed slagge dat mar min, dêrom gie er op syk nei in fentilator. Net allinnich by winkels del, hy seach ek op Marktplaats en belle mei ferskate saken. "Op Marktplaats gaan de prijzen omhoog, want die krengen zijn vandaag erg gewild. Volgende week zal het wel weer goedkoper zijn."

Harkje nei Danny Lenting en Wiebe de Leeuw

De fraach is freed sa heech dat de measte elektroanika- en doch-it-sels-saken besleaten om it publyk al by it winkelrút te ynformearjen dat de fentilators útferkocht binne. Fan dizze saken woe of mocht net ien Omrop Fryslân te wurd stean; Blokker, BCC en Praxis ferwiisden foar kommentaar allegear nei it haadkantoar.

De situaasje is lykwols oars by de MediaMarkt. Healwei de middei ek dêr lege stellingen op it plak fan de fentilators, mar oan de ein fan de middei waard in farske lading fentilators op pallets de saak yn riden. De belangstelling foar it apparaat is bysûnder grut. De moarnsfoarried fan 200 fentilators wie yn in pear oere tiid fuort en ek mei de twadde levering giet it hurd. Guon húshâldingen rinne wol mei trije fentilators de doar út.

In farske foarried fentilators by de Mediamarkt - Foto: Omrop Fryslân

"Met dit weer is dat natuurlijk ook niet zo gek", seit bedriuwslieder Wiebe de Leeuw. "Het is vandaag 38 graden! Ik heb ook een ventilator op mijn slaapkamer. Wij willen onze klanten graag helpen om een beetje koel te blijven." De ekstra oanrin past him wol, sa midden yn de simmerfakânsje. "Televisies verkoop je niet veel met dit weer, maar de koelkasten lopen goed. Ik ben blij als de klant tevreden de deur uitgaat, daar wil ik wel wat extra moeite voor doen."

(advertinsje)