Arno Brok pleitet foar mear romte foar Omrop Fryslân

"Omrop Fryslân moat mear mandaat en romte krije om him regionaal te manifestearjen en te profilearjen", fynt kommissaris fan de Kening Arno Brok. Yn it NPO Radio 1-programma Spraakmakers pleite hy freed foar in sterke publike omrop "dy't him mear rjochtet op ûndersykssjoernalistyk en programma's op basis fan libbensoertsjûging".
Arno Brok op NPO Radio 1 oer romte foar de Omrop
It stelsel sa't we dat no kenne foar de publike omrop fynt Brok te bot 'verzuild' en dêrom 'net hâldber'. Hy ropt omroporganisaasjes op dêr sels goed nei te sjen om better klear te wêzen foar de takomst.
De regionale omroppen yn it algemien en Omrop Fryslân yn it bysûnder kinne rekkenje op stipe fan Brok. De kommissaris ferwiist dêrby ek nei it Europeesk hânfêst foar lytse talen, op basis wêrfan't Omrop Fryslân neffens him mear romte fertsjinnet.