Fiskkream De Jouwer ôfbaarnd
Oan de Sinnebuorren op De Jouwer is freedtenacht in fiskkream yn flammen opgien. De melding fan de brân kaam om likernôch 4.00 oere.
De brânwacht wie der gau by, mar doe wie it fjoer al heech oplôge. Fan de kream koe dan ek neat mear rêden wurde. Nei alle gedachten is de kream yn de brân stutsen.