Stjerrewacht Burgum ferwachtet drokte mei moannefertsjustering

27 jul 2018 - 17:07

De moannefertsjustering is freedtejûn nei alle gedachten goed te folgjen. Yn in grut part fan it lân is de loft skjin. It hichtepunt is om krekt te wêzen om 22.22 oere.

Foto: ANP

De totale fertsjustering begjint om healwei tsienen en einiget om kertier oer alven. Dêrnei duorret it noch sa'n twa oeren foardat de fertsjustering hielendal foarby is. It is de langste moannefertsjustering fan de 21ste iuw.

De lêste kear dat in moannefertsjustering te sjen wie yn Nederlân wie yn septimber 2015. Op 21 jannewaris takom jier is der wer ien. Dêrnei is it wachtsjen oant septimber 2025.

Drok by de stjerrewacht

Yn Burgum is de Volkssterrenwacht freedtejûn iepen om de moannefertsjustering goed te sjen. Der wurde in soad minsken ferwachte. De ôfrûne dagen krige de stjerrewacht tal fan telefoantsjes fan minsken dy't graach delkomme wolle.

(advertinsje)