"Sport moat ûnderdiel fan ús libbensstyl wurde", fynt Sport Fryslân-direkteur

"Sport moat in ûnderdiel fan ús libbensstiel wurde", dat seit Sport Fryslân-direkteur Anne Jochem de Vries. "De wille om mei-inoar te winnen en te ferliezen, dat is it moaiste dat der is en dat fine je benammen yn de teamsporten." Hy neamt it spitich dat grutte sportbûnen oer de lêste fjouwer jier in skrikbaarlike delgong fan it tal leden sjogge. It giet dan benammen om fuotbal, tennis en hynstesport dêr't oant wol 16% minder leden ynskreaun stean. Der binne lykwols ek bûnen dy't groeie, sa as dy foar survival en free running, mar dat is te min om it wer yn balâns te krijen.
Anne Jochem de Vries, dir. Sport Fryslân © Omrop Fryslân, René Koster
De wille om mei-inoar te winnen en te ferliezen, dat is it moaiste dat der is!
Anne Jochem de Vries, direkteur Sport Fryslân
Soarch is der benammen foar it tal jongeren dat oan sport docht, sy litte it echt ôfwitte. Dat ferklearret ek de delgong by de tradisjonele bûnen dy't krekt altyd in soad jeugdleden hiene. By de 45-plussers groeie de measte sportferienings wer. De kampanjes om jongerein oan it sporten te krijen slagje dus noch te min. "Dat is foar ús krekt reden om der mei folle krêft yn te gean, om it tij te kearen", sa lit de direkteur fan Sport Fryslân striidfeardich witte.

Fryske Sporten

De ferienings foar Fryske sporten dogge it yn fergelyk knap. By it keatsen is wol sprake fan in delgong yn it tal leden, mar lang sa skerp net as by de grutte sportbûnen. It fierljeppen meldt sels in groei yn it ledetal.
Harkje nei in petear mei Anne Jochem de Vries