Bûn Fryske Fûgelwachten wol maatregels fan provinsje tsjin stienmurd

27 jul 2018 - 16:44

De provinsje moat sa gau as mooglik maatregels nimme tsjin de opmars fan de stienmurd. Dat fynt it Bûn Fryske Fûgelwachten, it BFVW. De stienmurd is neffens ûndersyk fan it bûn opklommen nei de top 3 fan predatoaren yn Fryslân.

Ek de provinsje hat ûndersyk dwaan litten, mar de resultaten dêrfan binne noch net bekend. It bûn wol dat de provinsje dat sa gau as mooglik docht. De stienmurd hat in beskerme status yn Fryslân. Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW wol dêroer prate mei de provinsje en deputearre Johannes Kramer. Hy freget him ôf oft de beskerme status noch wol ferantwurde is.

"As je sjogge nei it slachfjild ûnder de aaien en piken fan greidefûgels, moatte je je ôffreegje oft de beskerme status fan de stienmurd noch wol ferantwurde is", stelt Algra.

Hurde maatregels

"Wy geane derfan út dat ús befiningen oerienkomme mei de resultaten fan it eksperimint dat de provinsje dit jier opsetten hat bij Aldeboarn." Hy ferwachtet dat de provinsje goed op tiid foar it briedseizoen fan 2019 mei hurde maatregels komt om de greidefûgels te beskermjen tsjin de stienmurd.

Oare bekende predatoaren binne de swarte roek en de foks.

(advertinsje)
(advertinsje)