Poëtyske koarte film 'One of Us' is freed tredde filmprojeksje op Aldehou

27 jul 2018 - 16:38

De koarte film One of Us giet freedtejûn yn premjere op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De film is makke troch sjongeres Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist Sytze Pruiksma.

Fragmint út de film One of Us - Foto: Douwe Dijkstra

Nynke Laverman oer 'One of Us'

Yn de film giet it om de fraach oft wy de taal fan de natuer noch wol sprekke. "Ik sprek 'm net mear sa goed as ik wolle soe. Ik ha yn it ferline in skoft by de nomaden op de steppe yn Mongoalië wenne. Dan learst in soad. Mar ik moat earlik wêze: no net mear sa goed as ik eins wolle soe", seit Nynke Laverman. De bining mei de natoer is in team dat har bot dwaande hâldt: "Ik liket krekt oft minsken los komme fan alles wat om ús hinne is. Ik fyn dat fassinearjend. It oare libben op dizze planeet."

Foar de film brûkt se fiif teksten, gedichten. Dy binne op muzyk set. Nynke Laverman: "Sprutsen wurd op muzyk, it liket somtiden wol wat op rap." De reaksje komt yn it Katalaansk. "Tsjinoer myn teksten stean dy fan de Katalaanske dichter Eduard Escoffet. Ik fyn dy taal fantastysk klinken. De klank past ek hiel goed by it Frysk."

Op de Aldehou is dêrby de film te sjen fan Douwe Dijkstra. Mei dûns wurdt útbylde hoe't in jonge frou, dûnseres Dunja Jovic, besiket in blom te wurden. Har man, de Flaamske akteur Hendrik Aerts, begrypt dat net. "It jout in prachtig byld op de Aldehou. It is Douwe hiel goed slagge dat op dat grutte fertikale, skeef steande, skerm te krijen. It wurdt hiel bysûnder", tinkt Nynke Laverman.

De film giet freedtejûn yn premjêre. Oant 30 septimber wurdt de film fan tongersdei oant en mei sneintejûn op it plein ôfspile. De tagong is fergees.

(advertinsje)