Opnij brân útbrutsen op Skiermûntseach, fjoer ûnder kontrôle
Der is opnij brân útbrutsen op Skiermûntseach. It giet om in gebiet fan fyftich fjouwerkante meter grut, en it sit yn de buert fan it Kronkelpaad. Dit is midden op it eilân. De brânwacht hat de brânkearn fûn en it fjoer is ûnder kontrôle.
Op Skiermûntseach wie tongersdei al in grutte natuerbrân yn de dunen.