Ratatoelje #11 Torta de frango fan Aline

27 jul 2018 - 16:02

Moal, bakpoeier, sâlt, molke, oalje, aaien, hinnefleis, krûden, hinnebûljon, mais, sipel, tomaat, knyflok, tomatesaus en oliven. Dat is der nedich foar de Braziliaanske Torta de frango fan Aline Barbosa.

Yn de kulinêre searje Ratatoelje fan Finster op Fryslân meitsje Friezen fan ferskillende eftergrûnen in gerjocht mei in ferhaal. Ien fan dy Friezen is de 30-jierrige Aline Barbosa. Se ferhuze oardel jier lyn fan it Braziliaanske São Paulo nei Ljouwert, har grutte leafde efternei. Altyd as se dizze torta de frango makket, tinkt se even oan har famylje.

Ratatoelje #11 Torta de frango fan Aline

"Het is een recept van mijn moeder en als ik denk aan de smaak van mijn familie en mijn land dan denk ik aan deze kiptaart." Yn it audioferhael fertelt Aline hoe't it wie om in lange ôfstânsrelaasje te hawwen en oer har beslút om Brazilië te ferlitten en nei Fryslân te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)