Tresoar siket skriuwer foar Masedoanië

27 jul 2018 - 15:23

Tresoar siket foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden in Fryske skriuwer dy't fan septimber ôf acht wiken lang yn Masedoanië wenje en wurkje wol. Freed begjint dêrfoar de seleksjeproseduere.

Skopje, de haadstêd fan Masedoanië - Foto: Flickr

It ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.

De skriuwer sil yn Masedoanië ek meidwaan oan kulturele aktiviteiten en dêr ferslach fan dwaan yn blogs.

Lytse en minderheidstalen

It doel fan Other Words/Oare Wurden is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei. Der gie al earder in Fryske skriuwer nei Masedoanië. Ek ferbleaune der al Fryske skriuwers yn Baskelân, Ierlân en Slovenië. Ljouwert ferwolkommet op syn beurt sân bûtenlânske skriuwers.

Oant 24 augustus kin der in foarstel yntsjinne wurde. Foar ûnderdak wurdt soarge. Ek is der in honorarium beskikber en wurde de ferbliuws- en reiskosten fergoede.

Op it stuit sit Karen Bies foar Oare Wurden/Other Words yn Ierlân. Sy ferbliuwt yn it plakje Belmullet en har blogs binne hjir te lêzen.

(advertinsje)