Lemster krijt wurkstraf foar stellen fan jild fan 81-jierrige frou

27 jul 2018 - 14:46

In 37-jierrige frou fan De Lemmer is freed feroardiele foar it stellen fan jild fan in 81 jierrige frou. De Lemster wie skjinmakster by Thuiszorg en hat op ferskate mominten jild út de sparpot fan it slachtoffer helle.

De âldere frou sparre alle wiken 10 euro. Mooglik hat de skjinmakster tusken de 200 en 300 euro stellen. Neffens de offisier fan justysje net in grut bedrach, mar wol in grutte ympakt. Sa is ek de goeie namme fan Thuiszorg is oantaaste. De frou hie eardere skikkingsfoarstellen ôfwiisd, wêrtroch't de saak let foar de rjochter komme koe.

De Lemster frou hat 20 oeren wurkstraf krigen, en moat 200 euro skeafergoeding betelje oan it slachtoffer.

Trefwurden: 
justysje stellerij
(advertinsje)