LIVE: Nederlânske Fierljep Manifestaasje yn It Heidenskip

27 jul 2018 - 14:03

It is de 30ste edysje fan de Nederlânske Fierljep Manifestaasje en Omrop Fryslân is der live by. De NFM is ien fan de wichtichste fierljepwedstriden yn Nederlân. Der wurdt yn fiif kategoryen striden om gouden, sulveren en brûnzen hingerkes.

Elkenien kin meidwaan oan de NFM, en dus komme de ljeppers sneon fan rûnom nei It Heidenskip om te striden foar de gouden, sulveren en brûnzen prizen. De wedstriid bestiet út ferskate foarrondes, en in finale. De dielnimmers kinne har fia dizze foarrondes pleatse foar de finale, dan moatte se lykwols wol in bepaald limyt ljeppe. Eartiids wie it benammen in wedstriid foar amateurs, mar tsjinwurdich binne ek de grutte toppers oanwêzich by de NFM.

Thewis Hobma - Foto: Martin de Jong
(advertinsje)