Boete foar hûn yn waarme auto

27 jul 2018 - 13:43

In 57-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean hat fan de rjochter in boete krigen fan 375 euro omdat er syn hûn yn in waarme, ôfsletten auto achterlitten hie. Dit barde ferline jier maaie yn Heech, doe't it sa'n 24 graden wie.

De auto stie yn de folle sinne en omstanners seagen dat it bist it waarm hie. Se sprutsen de plysje oan. Dy troffen de eigener eefkes letter. De man sei dat syn hûn heechút tweintich minuten yn de auto sitten hie. Neffens de rjochter wie dat langer en wie it yn de auto flink waarm wurden. De eigener wie freed net op de sitting.

Trefwurden: 
waarmte hûn
(advertinsje)