Appelskeaster (26) oanhâlden foar boskbrân yn eigen doarp

27 jul 2018 - 13:33

De plysje hat tongersdei in 26-jierrige man út Appelskea oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de brân oan de Sanatoriumwei yn dat plak, ôfrûne tiisdei.

Foto: De Vries Media

Troch tips fan tsjûgen en omstanners koe de plysje de man tongersdei oanhâlde. De Appelskeaster wurdt heard troch de plysje, fierdere ynformaasje is noch net bekend.

Nei't de technyske resjerzje woansdei ûndersyk dien hie, waard it senario fan in oanstutsen brân al realistysker. Dat kaam benammen om't der meardere brânkearnen wiene yn it gebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)