Tenei gjin grutte karbidkanonnen mear yn De Fryske Marren

27 jul 2018 - 13:30

Yn De Fryske Marren binne oankommende jierwiksel allinnich noch mar molkbussen tastien om mei te karbidsjitten. It is de lêste gemeente fan Noard-Nederlân dy't grutte karbidkanonnen ôfskaft.

Karbid sjitten - Foto: Omrop Fryslân

De ein fan karbidsjitten yn De Fryske Marren siet der al oan te kommen, mar it is no echt klear. Karbidsjitteams meie gjin diseltanks mear brûke fan bygelyks 2.500 liter.

"Door aangepaste regels kunnen we de traditie in standhouden en tegelijkertijd ook de veiligheidsrisico's en overlast beperken", aldus boargemaster Fred Veenstra. Dêrneist wiist de gemeente allinnich lokaasjes bûten de beboude kom oan dêr't sketten wurde mei, mei in minimale ôfstân fan 75 meter oant de bebouwing.

It smoar yn

Karbidsjitteam Sint-Nyk is net bliid mei de feroaringen. Ronny Gras fan it team hat de smoar yn. "It hie faak gâns besjoch en it wie altyd gesellich", fertelt er.

It team seach it wol oankommen. Ofrûne jier hiene se al mear muoite om de fergunning rûn te krijen.

(advertinsje)