Fryslân is eins 'Amsterdam Lake District'

27 jul 2018 - 12:56

Fryslân is eins de eftertún fan Amsterdam. Brûkt dat dan ek om bûtenlânske toeristen hjir hinne te heljen. Dat is it basis-idee fan de Amsterdam Lake District Tour dy't fan septimber ôf boekt wurde kin. Lysanne Kuindersma fan De Jouwer biedt de toeren fan septimber ôf oan en lit de toerist yn ien dei fiif wrâlderfgoedlokaasjes sjen.

De Ofslútdyk, It Waadgebiet en it Woudagemaal op 'e Lemmer binne trije fan de fiif Wrâlderfgoedlokaasjes dy't opnaam binne yn dizze saneamde Amsterdam Lake District Tour. It giet om in bustour fan tsien oeren mei start en oankomst yn Amsterdam. Mei de namme 'Amsterdam Lake District' as omskriuwing fan Fryslân, spilet Kuindersma yn op de relative ûnbekendheid fan Fryslân by de ynternasjonale toerist en de populariteit fan Amsterdam.

Screenshot Amsterdam Lake District Tour - Foto: OF, René Koster

As de toer oanslacht binne der plannen om takom jier ek toeren fan meardere dagen oan te bieden mei oernachtingen yn Fryslân. Boppedat wurdt besjoen oft de toer ek yn omkearde foarm oanbean wurde kin, dus mei start en oankomst yn Fryslân.

Wy lifte gewoan mei op de populariteit fan Amsterdam.

Lysanne Kuindersma
Lysanne Kuindersma fan Amsterdam Lake District Tour - Foto: OF, René Koster

Amsterdam Lake District Tour

(advertinsje)