BMW brânt út op A32 by Wolvegea

Op de A32 by Wolvegea is freedtemiddei in BMW útbrând. Hoe't dat krekt barre koe, is noch net bekend. Fan de auto is hast neat mear oer. Ek in part fan de berm njonken de dyk is ôfbrând.
© Wiegmink Media
Der kaam in soad reek frij. Dêrtroch hat de plysje de ôfrit fan It Hearrenfean nei Wolvegea en de oprit nei Stjinwyk ôfsletten. Twa brânwachtkorpsen wiene oproppen om it fjoer út te meitsjen.