Spesjale app moat belibbing Waadtoerist yn kaart bringe

De Ryksuniversiteit Grins hat in mobile app ûntwikkele dy't de belibbing fan minsken op de Waadsee fêstlizze moat. Dizze app, de 'Greentracker', moat wittenskippers helpe it gedrach fan rekreanten op de Waadsee yn kaart te bringen.
De Waadsee by Swarte Haan © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Undersikers ha wol in idee hoe't dy belibbing derútsjocht, mar misse wittenskiplike ûnderbouwing. De 'Greentracker' moat harren antwurd jaan.
Wannear't minsken de app downloade wurdt fia GPS automatysk de rûte opslein en kinne brûkers bygelyks foto's taheakje. Dizze ynformaasje wurdt dan brûkt om de motiven fan rekreanten te registrearjen.

Fariaasje

Doel is om yn 2018 yn elts gefal 150 'tracks' te krijen. Dat moat ek de nedige fariaasje opsmite: fan rekreanten dy't meigean op rûnfeartboaten oant de beropsfeart. Nei ôfrin krije alle dielnimmers in e-mail wêrmei't se harren eigen rûte digitaal opnij belibje kinne.