Drachtster holleskopper oanhâlden foar it besykjen fan deaslach

27 jul 2018 - 11:08

In 23-jierrige man út Drachten is tongersdeitejûn yn it sintrum fan Ljouwert oanhâlden foar it besykjen fan deaslach. De man hie spul krigen mei in man fan 25 út Schoonoord. Dy rekke dêrby slim ferwûne oan syn noas.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje waard om acht oere hinne oproppen foar fjochterij by it gerjochtsgebou yn de Fryske haadstêd. Ut fideobylden die bliken dat it slachtoffer wylst er op de grûn lei tsjin de holle skopt waard. Oan de hân fan in sinjalemint en tsjûgeferklearrings waard de fertochte út Drachten in kertier letter op de Boterhoek oanhâlden. Hy sit fêst, de plysje docht yntusken ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)