Broer en suster trappearje 19-jierrige ynbrekker efter kompjûter

27 jul 2018 - 10:50

De plysje hat tongersdei in 19-jierrige man út Snits oanholden foar in ynbraak yn Ljouwert. De man waard trappearre troch in jonge fan 18 en syn ien jier jongere suske yn harren âlderlik hûs oan de Molenstraat.

In dief efter de kompjûter - Foto: ANP

De ynbrekker wie nei alle gedachten fia in rút de wenning ynkaam. Doe't er trapearre waard, siet er efter in kompjûter.

De broer en sus wurken de man nei bûten en skillen dêrnei de plysje. Oan de hân fan it sinjalemint waard de fertochte letter by it stasjon yn de stêd oanholden. Hy sit fêst.

Trefwurden: 
plysje ynbrekker Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)