LIVEBLOG: Hjitte yn Fryslân

27 jul 2018 - 14:57

Nei in rekôrwaarme nacht stiet Fryslân opnij foar in tige hjitte en drûge dei. Dat is ek fan ynfloed op ferskate eveneminten, dy't ôfsein of wizige binne. Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan alles yn Fryslân wat mei de waarmte te krijen hat.

18:08
Nije fentilatoaren!
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
16:41
Kâldste en hjitste plak

It is oeral hjit, mar it alderwaarmste plakje wie hjoed te finen yn Lippenhuzen. Dêr waard it oant no ta sa'n 35,2 graden. Dit is op dit stuit noch gjin rekôr, mar de temperatuer kin neffens waarman Jan Jonkman noch fierder oprinne. It kâldste plakje leit in stik noardliker: Lauwerseach en omjouwing is hjoed it iennige plak yn Fryslân dêr't de temperatuer ûnder de 30 graden bliuwt. Sels de waadeilannen binne hjoed de tropyske grins foarbygien.

16:22
Opnij brân op Skier

Der is freed opnij brân útbrutsen op Skiermûntseach. It giet om in gebiet fan 50 kante meter grut, yn de buert fan it Kronkelpaad. Dit is midden op it eilân yn de buert fan in dennebosk. De brânwacht koe de kearn fan de brân fluch ûnder kontrôle krije. De ekstra mankrêft dy't klear stie hoegde net ynset te wurden. Juster noch waard der grut opskaald foar in dúnbrân oan de râne fan it eilân.

14:55
Utferkocht

Ferkuolling, ferkuolling, ferkuolling....wa't noch gjin airco, fentilator of swimbad yn hûs hat, sil hjoed foar in grut part lege skappen oantreffe yn de winkels. Rûnom hingje briefkes dat de apparaten útferkocht binne.

12:38
Warskôging fan de brânwacht

Brânwacht Fryslân warskôget minsken nochris foar it gefaar fan brân yn dizze hjitte en drûge tiid. Sa hawwe se in handige list makke mei saken dêr't minsken op lette moatte.

  • Smook net yn natuergebieten
  • Set de auto net yn heech en drûch gers del
  • Smyt ôffal (en dan benammen glês) yn ôffalbakken
  • Hâld dy oan de regels wat it brûken fan barbecues, kampfjurren en fjoerkuorren oanbelanget.

Mocht der dochs brân ûntstean, dan hat de brânwacht ek tips:

  • Bliuw kalm
  • Besykje net sels de brân te blussen
  • Flechtsje nei in feilich plak: de iepenbiere dyk, in grut ferhurde terrein of de beboude kom
  • Rin net foar de brân út, of yn de rjochting fan de brân, mar heaks op de fjoerrjochting
  • Belje 112 en jou sa krekt mooglik de lokaasje troch dêr't jo binne.
11:32
Switte en spylje
11:22
Ymprovisaasje
Boufakkers yn de hjitte by Eastersee - Foto: NOS/Peter van den Meerschaut

Foar guon beroppen is it ymprovisearjen dizze dagen. Sa hat de NOS op besite west by boufakkers yn Eastersee, dy't mei boumateriaal in grutte parasol makke hawwe om harsels wat te beskermjen tsjin de sinne en de hjitte.

10:43
30 graden yn Fryslân

It is yn Fryslân alwer offisjeel 30 graden. It waarstasjon yn Starum jûch om healwei alven moarns in temperatuer fan 30,5 graden oan. Ljouwert siet om dy tiid noch krekt ûnder de 30 graden mei in temperatuer fan 29,9, en ek Flylân en Skylge sieten noch ûnder de tropyske temperatuer mei sa'n 28 graden.

10:21
Plysje siket brânstichter

In ûnbekende man hat tongersdeitejûn tsjin alve oere in stik berm yn 'e brân setten oan de Oprijlaan yn Drachten. Tsjûgen seagen dat er wat oanstuts en yn de berm smiet. Fanwege de drûchte koe it fjoer him hiel gau ferspriede. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje is op syk nei tsjûgen. De fertochte is in blanke man fan in jier as 30.

Trefwurden: 
liveblog waarmte hjitte
(advertinsje)
(advertinsje)