Alle provinsjale brêgen yn Fryslân wer yn gebrûk naam

27 jul 2018 - 08:52

De provinsjale brêgen yn Fryslân wurde fan freedtemoarn ôf wer yn gebrûk naam. Tongersdei liet de provinsje dizze brêgen yn ferbân mei de ekstreme hjitte slute, omdat it iepen- en tichtgean fan de brêgen muoisum gie.

Remco Wahle, Provinciale Waterstaat Fryslân

It kuoljen fan de brêgen hat fertuten dien, sa seit Remco Wahle fan Provinciale Waterstaat Fryslân. "Wy draaie op dit stuit wer mei alle brêgen, mar der binne twa útsûnderingen." It giet om de Stationsbrug en de Frisiabrug yn Frjentsjer. Dizze brêgen geane fan 11.00 oere ôf ien kear yn it oere iepen.

Trefwurden: 
brêge hjitte
(advertinsje)