Tsiisboer mei frachtwein oer siden op A6 by De Lemmer

Op de A6 by De Lemmer is tongersdeitejûn in frachtwein fan in tsiisboer út Sint-Nyk kantelle. De bestjoerster fan de frachtwein ried yn de rjochting fan De Jouwer doe't it ûngelok barde. Hoe't dat krekt barre koe is noch net dúdlik.
Frachtwein tsiisboer oer siden © BTBfotografie
De frachtauto blokkearre ien rydstrook en de flechtstrook. De bestjoerster hoegde net nei it sikehûs. De tsiisboer liet letter op de jûn fia social media witte dat it neffens omstannichheden mei de bestjoerster 'aardich goed giet'.
Earder op de dei gie der ek al in persoane-auto mei in bestelbus op de oanhinger oer de kop.