Hearrenfean tinkt om oerlêst

05 nov 2011 - 09:59

De gemeente Hearrenfean jout ekstra omtinken oan húslik geweld, drugs- en jeugdoerlêst en brânfeiligens. Dat stiet yn it nije yntegrale feiligensbelied 2011-2014.

It belied is opsteld yn gearwurking mei de pleatslik belangen en skoalbestjoeren. Dêr is foar keazen om't dy goed witte wêr't de problemen binne. Boppedat ferwachtet de gemeente dat der sa mear draachflak ûntstiet.

Trefwurden: 
oerlêst
(advertinsje)