Kollum: "Hjitte nachten"

27 jul 2018 - 07:51

"Wat is it hyt, net? Derom wie ik boppe oan it fervjen en behingjen. No kin ik hiel strak behingje, al sis ik it sels, mar de oare dei sieten der dochs naadsjes tusken. Ik hie it smoar yn want it wie djoer behang dus ik belle mei de winkel. It antwurd wie dat it te waarm is om te behingjen. De lym drûget te hurd en dan krijst naden. Wachtsje oant it in pear graden ofkuollet. It moat net gekker wurde.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Wat ik ek hiel apart fyn, is dat ik om dizze tiid hinne wol gauris langje kin nei de winter. Dan ha 'k ynienen in fisjoen dat de gerdinen jûns ticht binne, de kearskes baarne en dan oerkomt my in bepaald gefoel fan gesellichheid. Ik fyn it hiel nuver mar it bart alle jierren wer, bygelyks as we op it wetter sitte wylst de sinne fanatyk skynt.

Wy hawwe al te farren en te silen west en de omstannichheden dêrfoar binne fansels perfekt. Ik bin graach op it wetter. Mar no't it sa drok is, fyn ik it ek wol frappant, want minsken op in boat sitte eins allegear nei elkoar te sjen. En ast troch in plak farst dêr't de terrassen of tunen oan it wetter lizze, dan sitte de minsken dêr ek nei dy te sjen. Ik doch it sels ek. Ik mei graach efkes sjen hoe't hûs en hiem derby lizze en fierder hast ek net safolle te dwaan op in boat.

Wy hiene syld op 'e Iselmar en gongen yn 'e slûs by Starum wer nei binnen. Ik wit net wat der sa bysûnder is oan in slûs, mar der binne altyd taskôgers. Sokken sitte net op it terras mar sjogge leaver hoe't boatsjelju der in soadsje fan meitsje. Neffens my wurde guon skippers dêr nochal senuweftich fan en dy moatte dan oanlizze mei ferskate eagen op har rjochte.

'Wêrom bliuwe minsken no net gewoan rêstich yn in slûs?', suchtte Jelle en ik tink dat it troch it sjen fan oaren komt. Mar ik jou der neat om en gean de striid oan. Mei dit waar kinst de eagen goed de kost jaan achter de sinnebril wei. De measten hawwe hjoeddeis net in soad klean oan mar sels dan kinst folslein foar aap rinne.

'Is it liif no te grut of binne de klean te lyts?' tink ik gauris, sawol by manlju as froulju. Mei dit waar wurdst mei moaie, mar ek mei nuvere útsichten konfrontearre en der hoechst neat bysûnders foar te dwaan. Dêr'tst oars miskien earst de kompjûter opstarte moatst en in sykterm ynfiere moatst, krijst it mei sok waar spontaan oanbean.

It ultime sjen en sjoen wurden, krije wy fansels aanst wer mei it skûtsjesilen. As we no de Ouwe Piet meinimme of ús bakdekkrúserke, we hawwe altyd gâns besjoch. Mei in knap skip ûnder de kont, kinst dy dus better mar fatsoenlik oanklaaie. Mar as it sok prachtich waar mei de Feanhoop is dan kin de jeugd dêr it hiele wykein wol healneaken omrinne. Dat skeelt alfêst in soad drokte as se nachts mei de leafde fan har libben de tinte of boat yndûke. En ek al hast gjin sjans, op´t heden belibbet eltsenien hjitte nachten.

Ik hoopje al dat we meikoarten reinwetter krije mar te hjit om te behingjen, is it wol in super simmer! Dus ferjit foaral net te genietsjen. Sjoch nei elkoar, wiuw nei elkoar en laitsje nei elkoar. Sadwaande kinne wy mei in fleurich hert en foldwaande fitamine D de winter yn. Gesellich mei de gerdinen ticht en de kearskes oan mei in waarm gefoel weromtinke oan dizze hearlike tiid."

(advertinsje)