FIDEO: Hoe befalt de fontein fan Starum?
Tsien fan de alve fonteinen yn 'e Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt eltsenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.
Fontein Starum
Freed binne we yn Starum by de Fisk-fontein fan de Amerikaanske keunstner Mark Dion.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.