Arriva set minder treinen yn fanwegen oanhâldende hjitte
De oanhâldende hjitte soarget op it spoar foar ferskate steuringen en dat is foar Arriva freedtemoarn reden in beheinde treintsjinstregeling yn te fieren.
Om de reizger in sa betrouber mooglike tsjinstregeling oan te bieden, set it ferfierbedriuw minder treinen yn.
Arriva ropt reizgers op de social media yn de gaten te hâlden foar de lêste stân fan saken, oangeande de treintsjinstregeling.