Rychjeswenning brânt folslein út yn Tytsjerk

In rychjeshûs oan de Klaverkamp yn Tytsjerk is freedtemoarn folslein útbrând. It fjoer wie begûn op de souder fan de wenning. By de brân wiene gjin minsken mear binnen.
Rychjeswenning brândt folslein út yn Tytsjerk
De bewenners fan de omlizzende wenningen stiene gau bûten op strjitte. By de brân kaam in soad reek frij. Nei in goed healoere dwêsten waard it sein 'brân master' jûn.
De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend. De bewenner fan it útbrânde hûs kriget help fan stichting Salvage.