Brân soarget foar grutte skea oan strânpaviljoen yn Starum

27 jul 2018 - 06:12

Yn Starum hat tongersdeitenacht in útslaande brân west yn strânpaviljoen De Potvis. Der wiene gjin minsken mear yn it gebou oanwêzich, mar de brânwacht ried wol mei grut materieel út, omdat der in soad reek frijkaam.

Brân yn strânpaviljoen De Potvis - Foto: Wiegmink Media

De brânwacht moast it paviljoen fan bûtenôf dwêste, omdat it net mear mooglik wie yn it gebou te kommen. De skea oan it gebou is grut.

Fawege de reekûntwikkeling waarden boateigeners frege harren boat te ferlitten of te ferpleatsen. De eigener fan it strânpaviljoen kriget stipe by de ôfwikkeling fan de skea.

Trefwurden: 
brân Starum De Potvis
(advertinsje)