Famkes meitsje 25 liter iistee foar bewenners Suyderhuys

26 jul 2018 - 22:32

Esther, Anouk, Femke, Heleen en Jannet út Surhústerfean hawwe tongersdeitemoarn betiid in soad iistee makke yn wensoarch-kompleks it Suyderhuys. De famkes woene sa op dizze waarme dei wat dwaan foar de 86 bewenners fan it Suyderhuys.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Frou Veenhuizen, de beppe fan fjouwer fan de famkes, mocht as earste fan de iistee priuwe. Frou Veenhuizen wie tige grutsk op har beppesizzers. "Ze vroegen aan mij: oma mogen wij de keuken ook gebruiken? Ik ben natuurlijk niet de baas van de keuken, maar ze hebben het voor elkaar gekregen!"

Yn uniforms fan it Suyderhuys-meiwurkers dielden de famkes moarns earst iistee út op it terras by de haadyngong. De middeis kamen de famkes noch in kear werom om liters iistee út ye dielen by de BBQ yn it âldereintehûs. By it Suyderhuys jildt al in skoft it waarmteprotokol. By de resepsje stiet dêrom altyd in molkbus mei ranja klear.

Mar earlik is earlik, de kuolle iistee mei fruchten fan de fiif famkes wie lekkerder.

De reportaazje yn No yn Fryslân

(advertinsje)