Minder hindernissen by hynstemaraton Driezum-Wâlterswâld

26 jul 2018 - 21:23

De organisaasje fan de hynstedagen yn Driezum-Wâlterswâld hat tongersdei besletten it tal hindernissen by de hynstemaraton oan te passen. Dat fanwegen de hege temperatueren dy't freed ferwachte wurde. De wedstriid sil ferriden wurde oer de helte fan it eardere oantal hindernissen. Alle kombinaasjes sille de feardichheidsproef ride; derneist sille de ponnys alle even hindernissen ride, en alle hynders de ûneven hindernissen.

Ofrûne tiisdei naam de organisaasje fan de hynstedagen ek al maatregels fanwegen it waarme waar.

(advertinsje)