Tuinman-en-dy pleatst foar 165ste PC mei winst keats-off

26 jul 2018 - 21:00

It partoer fan Bouke Willem Tuinman, René de Haan en Wybren Postma hat him as lêste pleatst foar de PC. Se wûnen mei 5-3 en 6-4 fan Johan Diertens, Erik Haitsma en Steven de Bruin.

Diertens-en-dy wiene foarôf favoryt, benammen om't se alle trije in soad ûnderfining op de PC ha en it jonge partoer fan Tuinman noch nea meidien hat. Mar it partoer fan Tuinman kaam ienfâldich op 4-0. Op 4-0 en 6-6 pakten Diertens-en-dy harren earste earst: 4-1. Se kamen oant 4-3, mar doe makke it partoer fan Tuinman it ôf.

Lêste plakje PC

Fjouwer partoeren makken út wa't as lêste troch gean soe nei de PC. It partoer fan Diertens wûn yn de earste omloop fan André van Dellen, Gerrit-Jan Duiven en Lennart Adema. It partoer fan Van Dellen kaam goed werom fan 5-1 nei 5-3, mar op dy stân sloech en 6-6 sloech Van Dellen kwea.

It partoer fan Wierd Baarda, Pieter van der Schoot en Tsjerk Elzinga like ienfâldich troch te gean nei de finale. Se kamen op 5-2, mar it partoer fan Bouke Willem Tuinman kaam krap werom. Van der Schoot en Elzinga hiene bot lêst fan de sinne en dêr profitearren Tuinman en dy fan. Se wûnen mei 5-5 en 6-2.

Keats-off

De keats-off waard foar de sânde kear hâlden. It giet om de partoeren 16 oant 'e mei 19 op de ranking. It partoer fan Tuinman stie 19e op de ranking.

(advertinsje)