Sukses brekt VVV Ljouwert op: filiaal Aldehoustertsjerkhôf ticht

26 jul 2018 - 18:35

It VVV-kantoar op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is pas in pear moannen iepen, mar tongersdeitemiddei is de doar alwer foar it lêst tichtgien. Om't der tefolle minsken komme by it oare filiaal by de Achmeatoer, binne dêr mear minsken nedich.

It VVV-kantoar op it Aldehoustertsjerkhof wie tongersdei foar it lêst iepen - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De toeristen witte de VVV-kantoaren yn Ljouwert goed te finen. Tiisdei waard de 50.000ste besiker yn it sintsje set. De measte minsken komme nei de lokaasje by de Achmeatoer. "Al ús personiel en de frijwilligers binne nedich om de minsken dêr te wurd te stean", fertelt Rinske van der Meulen, direkteur fan de VVV yn Ljouwert. "Troch it kantoar by de Aldehou te sluten, wurdt de kwaliteit fan de tsjinstferliening by de Achmeatoer better."

We hiene de grutte besikersstream net ferwachte.

Rinske van der Meulen fan de VVV yn Ljouwert

De fêstiging op it Aldehoustertsjerkhôf hat mar in pear moannen iepen west. De oare lokaasje wurdt folle better besocht. "Hjir by de Aldehou komt mar sa'n 10 persint fan it totaal. Dy ferhâlding leit oars as wat we yn earste ynstânsje tochten. Dit plak sil mist wurde, mar we hiene de grutte besikersstream net ferwachte en dus moatte we hjir no slute", sa seit Van der Meulen.

Achmeatoer

Se is net benaud dat guon toeristen it VVV-kantoar by de Achmeatoer net fine kinne: "It is hjir mar 500 meter wei, dêr bist samar. En de automaten mei in plattegrûn fan de stêd, steane by de útgongen fan de parkeargaraazje. Dit is de iennige goeie kar. Beter ten halve gekeerd dan ten hele gedwaald."

Dizze VVV-fêstiging op it Aldehoustertsjerkhof is ticht - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Rinske van der Meulen fan de VVV yn Ljouwert

(advertinsje)