Ferskate treinsteuringen troch de hjitte

Der binne ferskate treinen dy't tongersdei útfalle troch de hjitte. Treinen fan Arriva hawwe in ûnderdiel dat net goed oer de hege temperatueren kin, wêrtroch't der in defekt ûntstiet.
Op de rûte tusken Ljouwert en Grins en op de rûtes fan Ljouwert nei Harns en Starum falle hieltyd treinen út. Tiisdei wiene der ek al problemen mei de stroomrichter op de treinen.
Freed wurdt it wer hiel hjit waar. Arriva hat oeral monteurs omrinnen. Tusken Ljouwert en de haven fan Harns ride tongersdei oan de ein fan de middei noch bussen.
Tamara Vannuys fan Arriva oer de steuringen