Fans fan SC Hearrenfean binne 'goedkeap' út

Sportklup Hearrenfean hat relatyf goedkeape seizoenkaarten. It giet dan om de seizoenkaart foar de wedstriden yn 2018/19 yn de earedifyzje.
In seizoenkaart kostet by Hearrenfean op syn goedkeapst 190 euro. Ta fergelyk, in seizoenkaart by PSV kostet op syn minst 275 euro. De goedkeapste klup yn de earedifyzje is Heracles Almelo. Dêr kostet in kaart 149 euro.