Stikkene spoarbrêge: gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert

26 jul 2018 - 15:46

Reizgers op it spoar tusken Ljouwert en Zwolle moatte op it stuit rekken hâlde mei fertraging. Troch in stikkene spoarbrêge by Akkrum ride der op it stuit gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert.

Neffens de ferfierder sille de problemen yn elts gefal oant 17.15 oere oanhâlde. Der ride stopbussen tusken Ljouwert, Grou-Jirnsum en Akkrum; tusken Ljouwert, It Hearrenfean, Wolvegea, Stjinwyk en Meppel binne der rappe bussen aktyf.

(advertinsje)
(advertinsje)