Trije Friezen oppakt foar belutsenheid by ynternetkriminaliteit

De plysje hat trije Friezen oanhâlden dy't fertocht wurde fan cybercrime. Dat barde nei in grut opspoaringsûndersyk yn Noard-Nederlân op it mêd fan ynternetkriminaliteit. It giet om twa manlju út Ljouwert fan 20 en 23 jier, en in man út De Westereen, fan 27 jier.
© Omrop Fryslân
Njonken de trije Friezen waarden ek twa minsken út Drinte (frou fan 31 en jonge fan 14) en in fertochte (19) út Grinslân oanhâlden. De yn totaal seis fertochten wurde fertocht fan it brûken fan in kriminele webside, Webstresser.org, om DDoS-oanfallen út te fieren. By sa'n digitale oanfal wurdt mei meardere kompjûters besocht ien spesifike webside plat te lizzen.
"Deze verdachten zijn de afgelopen weken door ons bezocht en zijn allemaal aangehouden", seit Ronald van der Werf fan it Cybercrimeteam Noard-Nederlân. In DDoS-oanfal is in misdriuw. De plysje is dwaande mei it opspoaren fan fertochten dy't har oan dizze misdriuwen skuldich meitsje.