Grutte natuerbrân op Skiermûntseach, autoriteiten ûntromje part eilân

© SR Fotografie
Op Skiermûntseach stiet op dit stuit in grut stik dún yn de brân. It giet om in grut stik rûchte yn de buert fan it Minne Onnespaad. It is net dúdlik hoe't de brân begûn is, en oft der ek minsken yn de buert binne. It fjoer is noch net ûnder kontrôle, en der is troch de autoriteiten opskaald nei in GRIP 1. In grut gebiet is ôfset, toeristen wurde frege om by de westpunt fan it eilân wei te bliuwen. Op dit stuit binne der noch in soad minsken op de fyts ûnderweis.
De feiligheidsregio set ekstra personiel yn om it fjoer te bestriden. Ek is der in blushelikopter oproppen. De brânwachtminsken wurde sa gau as mooglik mei de boat oerset. Ek wurde der meardere trekkers mei jarretanken ynset om it fjoer te bestriden.
Trekkers leverje it bluswetter © SR Fotografie
Boppe it eilân is ek in fleantúch te sjen. Hjirmei kin yn kaart brocht wurde hoe't it derfoar stiet mei de brân. It fjoer is yn in grut natuergebiet dat net maklik tagonklik is, mei in fleantúch kin dit in stik flugger en better dien wurde.
© SR Fotografie