Radioamateurs ferbine LF2018 mei de hiele wrâld

26 jul 2018 - 12:40

"Hello my name is Pappa India... kggggg." It is somtiden dreech te ferstean, mar dúdlik is dat minsken út de hiele wrâld ferbiningen lizze mei LF2018. Gjin toeristen of kultuerjagers, nee gewoan thús fanôf in soulderkeamer. Radiostjoeramateurs wurde yn de eter lokt mei in spesjale namme om ferbining te lizzen mei Ljouwert. Dêr stiet in leger oan Fryske radioamateurs om se wiis te meitsjen oer de kulturele haadstêd.

It idee waard berne op it kluphûs fan de radioamateurs op yndustryterein De Himrik yn Ljouwert, by de FRAG, de Friese Radio Amateur Groep, dy't dit jier 40 jier bestiet. Sa'n 200 leden kinne dêr telâne foar harren moaiste hobby; stjoere en ûntfange.

"Het is de bedoeling dat wij hier verbindingen leggen met de rest van de wereld om LF2018 te promoten. Andersom werk het ook zo dat wij het publiek dat hier binnen stapt voor informatie, kunnen uitleggen wat wij nou precies aan het doen zijn", fertelt Peter Mulder. Hy draait tegearre mei Ljibbe dizze dei it spesjale LF 2018-stasjon.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Elfsteden-call

"Wij werken met een speciale roepnaam. Mensen kunnen een verbinding leggen met ons, die kunnen zogenaamde Elfsteden-calls verzamelen. Daar valt uiteindelijk een certificaat mee te verdienen."

Dat wurket sa: in radioamateur leit in ferbining mei it spesjale LF2018-stasjon. It hiele projekt hat de namme krigen HAMECC2018. Alle moannen wer kinne radioamateurs in 'call' sammelje. Dy call stiet symboal foar ien fan de alve stêden yn Fryslân. Uteinlik binne der alve saneamde QSL-sertifikaten te sammeljen. Sa wurdt Snits 'PF2018SNK' en stiet yn july 'PF2018WOR' sintraal, Warkum dus.

"Sommige mensen die er totaal geen kaas van hebben gegeten, vinden het misschien wat ingewikkeld om te begrijpen. Mensen die iets meer weten wat zendamateurs doen, snappen dat iets beter", seit Mulder.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De FRAG telt sa'n 200 leden. Dy wurkje mei-inoar en helpe elkoar om goed stjoere te kinnen. "Wy ha in tal mêsten hjir om it klupgebou stean. Dêrmei kinne wy ferbiningen meitsje mei oare radioamateurs," leit foarsitter Edwin Houwertjes út. "Mar wy komme hjir ek om saken te reparearjen dy't it net mear dogge en fansels foar de gesellichheid."

Morse

De Fryske radioamateurs wurkje net allinnich mei radioapparatuer, se brûke ek Morse. "It fierste stasjon dat se oant no ta berikt hawwe leit midden yn de Stille Oseaan."

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Bysûnder

De radiostjoeramateurs dy't berikt wurde, fine it faak hiel bysûnder om yn kontakt te kommen mei it spesjale LF2018-stasjon. "Ze weten vaak helemaal niet dat er zoiets bestaat als een Cultruele Hoofdstad van Europa." Se fernimme ek dat minsken dy't nijsgjirrich harren 'kantoar' binnenstappe, tinke dat radioamateurs allinnich eartiids stjoerden. "Maar de meesten vinden het harstikke leuk wanneer we dan vertellen dat het echt niet iets van vroeger is," seit Mulder.

Mienskip yn optima forma

"Wy binne eins mienskip yn optima forma", fynt Edwin Houwertjes. "Wy lizze ek de hiele dei ferbining mei de mienskip."

(advertinsje)