Doch mear om toerist te lokken

05 nov 2011 - 09:39

Fryske ûndernimmers dogge te min om digitaal toeristen nei de provinsje te heljen. Dat seit heechlearaar e-marketing Molenaar oan de Erasmus Universiteit fan Rotterdam.

Undernimmers moatte har sjen litte op ynternet. Der moatte folle mear 'apps' komme, programma's foar op de mobile telefoan. Websites kinne better en ûndernimmers moatte seker twa kear yn de moanne in mailing ferstjoere mei nijs en ynformaasje.

(advertinsje)