"Unfeilige spoaroergongen binne de skuld fan in laks ministearje"

26 jul 2018 - 11:37

De oanpak fan ûnfeilige spoarweioergongen wurdt net goed genôch oanpakt troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Der is temin omtinken en de oanpak is fersnippere. Dat is de konklúzje fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid.

Spoaroergong by Harns - Foto: Stefan Postema

De ried hat in ûndersyk dien nei oanlieding fan ûnder oaren it deadlike ûngelok yn 2016 by Harns. Op in ûnbewaakte oergong op it hiem fan in boer kamen doe in heit en syn soantsje om it libben. Se waarden skept troch in trein doe't se mei harren auto it spoar oerriden.

Het blijkt dat het ministerie van Infrastructuur en Waterstaat sinds 2010 geen concrete doelstellingen meer heeft voor het terugdringen van het aantal overwegslachtoffers.

Konklúzjes út it rapport

De helte minder

De ûndersyksried fynt dat it ministearje yn in healjier tiid mei in oerkûpeljend belied komme moat. Dat moat soargje foar in delgong fan 50 prosint fan it tal deadlike slachtoffers. Ek moat fêstlein wurde wa't ferantwurdlik is en wa't de kosten draacht foar de feiligens op de oergongen.

Earder dizze moanne makke it kabinet bekend dat der 50 miljoen euro útlutsen wurdt foar it feiliger meitsjen fan ûnbewaakte oergongen.

(advertinsje)