Aldskoat begjint nei de simmer mei yntegraal bernesintrum

26 jul 2018 - 11:10

Aldskoat krijt nei de simmer in yntegraal bernesintrum. Dêryn komme ûnderwiis, berne-opfang en jeugdhelp byelkoar. It yntegraal bernesintrum Skoaterwiis is in inisjatyf fan skoallenetwurk Ambion Holding, Kinderwoud berne-opfang en de gemeente. Yn it sintrum kinne bern fan twa jier ôf terjochte, foar 16 oeren yn de wike. Dizze oanpak jildt yn elts gefal foar de kommende trije jier.

Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang - Foto: Shutterstock.com

De gemeente Hearrenfean is bliid mei de realisaasje fan it sintrum. "Samen creëren we een plek waar kinderen gehoord en gezien worden. Een omgeving waar gewerkt wordt aan een positief zelfbeeld voor kinderen, die vervolgens met veerkracht en energie naar de toekomst kunnen kijken", seit wethâlder Jelle Zoetendal. Hy neamt it in positive ûntwikkeling.

"Doordat naast de basisschool en peuteropvang ook de gezinswerker, orthopedagoog en buurtsportcoach bij Skoatterwiis zijn betrokken, is er veel mogelijk om de kinderen te begeleiden. Zo bevorderen we goed opgroeien in een plezierige en veilige leefomgeving met belangrijke basisvoorzieningen. Er kan goed en tijdig worden ingegaan op de signalen van ouders, kinderen en professionals."

(advertinsje)