Wat is hjoed it hjitste plakje yn Fryslân?

26 jul 2018 - 10:49

Der kinne tongersdei rekôrs brutsen wurde yn Fryslân. Mei temperatueren dy't mooglik oprinne nei 34 of 35 graden wurdt it yn alle gefallen tige waarm yn de provinsje. Mar wat is daliks it hjitste plakje yn de provinsje. Omrop Fryslân wol dit graach witte en freget dêrby de help fan harkers en lêzers.

Foto: ANP

Soe it yn de bosken fan Appelskea wêze, of midden op it Wilhelminaplein yn Ljouwert? Der binne fansels in soad faktoaren dy't der foar soargje kinne dat it op it iene plakje krekt wat waarmer is as op it oare plak. Omrop Fryslân wol graach witte wa't it tongersdei it hjitste hat, en freget dêrom alle harkers en lêzers om in foto yn te stjoeren mei de lokale temperatuer.

Hoe wurket it?

Meidwaan kin hiel maklik: meitsje in foto fan in âlderwetske termometer op it plakje dêr't je binne. Dus net in foto of screenshot fan de mobile telefoan mei in waar-app, mar echt sa'n moaie kwiktermometer of in digitale op bygelyks in muorre of by in tankstasjon. Meitsje de foto by foarkar yn it skaad sadat der earlik fergelike wurde kin. Stjoer dizze foto fia de Omrop app, of fia dit formulier, en fertel dêr wol efkes by wêr't de foto makke is.

Tongersdeitejûn wurdt dan de balâns opmakke, en kinne wy offisjeel it waarmste plakje fan Fryslân bekendmeitsje.

Trefwurden: 
waarmte hjitte
(advertinsje)
(advertinsje)