Lêste papieren ferzje tillefoangids ferspraat

Yn Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Drachten, Snits en op It Hearrenfean begjint tongersdei de fersprieding fan de lêste tillefoangids yn boekfoarm. Minsken krije him foar de alderlêste kear op de matte. Dêrmei komt der nei 140 jier in ein oan de papieren ferzje.
© ANP
Sûnt 1996 stean de tillefoan- en adresgegevens ek op ynternet. Benammen âlderen brûke de gids yn boekfoarm noch. Sy kinne in kursus folgje om de oerstap nei online te meitsjen. Ek oare regio's yn it lân krije noch ien kear de papieren tillefoangids. De fersprieding duorret in pear wiken.