Marian Jager: "We moatte allegearre sunich wêze mei wetter"

De tún sproeie docht se al in skoft net mear en de auto waskje ek net. Deistich bestjoerslid Marian Jager fan Wetterskip Fryslân nimt it drûchterekôr yn Fryslân bysûnder earnstich. Fanwegen de rekôrdrûchte koe it wetterskip net oars as in bereiningsferbod ynstelle mei yngong fan tongersdei.
Bereiningsferbod fan krêft yn Fryslân
Wetterskip Fryslân hat moandei oer dat bereiningsferbod oerlein mei LTO. Dêrby is ek in útsûndering ôfpraat: bouboeren meie guon gewaaksen, dy't oars folslein mislearje, noch wol nachts bereine. It is lykwols ûnbekend foar hoelang dy útsûndering jilde sil. "De situatie kan per dag en zeker per twee dagen veranderen. Boeren doen er daarom verstandig aan om onze website in de gaten te houden. We hebben natuurlijk oog voor het economisch belang van de boeren, maar we moeten ook rekening houden met andere zaken", seit frou Jager.
Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net © Omrop Fryslân
Bestjoerslid Marian Jager fan Wetterskip Fryslân
Ek foar de lange termyn ûntkomt Wetterskip Fryslân der net oan om nei te tinken oer in belied foar drûge perioades. "We zijn bezig geweest met beleid voor extreme regenval, maar droogte is ook belangrijk." Frou Jager hopet op solidariteit fan de Fryske befolking en op sûn ferstân as it giet om sunich wêze mei reinwetter. "We moeten proberen om zo goed mogelijk door deze warme, droge periode te komen. Voor daarna hoop ik op een week lang regen, want met één buitje lossen we dit neerslagtekort niet op."
Wa't it bereiningsferbod negearret en dochs lân of tún bereint mei oerflaktewetter moat rekken hâlde mei in boete fan 550 euro foar in partikulier of 1.500 euro foar in boerebedriuw. Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân sille de kommende dagen it bereiningsferbod hanthavenje.