Fertraging fearboat nei It Amelân

26 jul 2018 - 08:42

In technysk mankemint oan de autobrêge fan Holwert soarget tongersdeitemoarn foar fertraging fan de fearboat nei It Amelân. Reizgers dy't nei it waadeilân wolle, moatte neffens rederij Wagenborg rekken hâlde mei in fertaging fan likernôch 40 minuten. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it mankemint krekt is. De steuring is nei ferwachting om 13.00 oere foarby.

(advertinsje)