Bereiningsferbod fan krêft yn Fryslân

26 jul 2018 - 08:03

De maatregels fan Wetterskip Fryslân om it driigjend wettertekoart troch drûchte tsjin te gean, binne fan tongersdei ôf fan krêft. Fan 8.00 oere ôf is it ferbean om grûn- en oerflaktewetter te brûken foar it bereinen fan gerslannen. Oare gewaasken as gers meie wol tusken 22.00 oere jûns en 8.00 oere moarns bereind wurde.

Foto: ANP

"It is in pynlike maatregel, mar wol needsaaklik." Dat seit Tineke de Vries, regiobestjoerder van LTO-Noord. "It kin net oars, mar de gefolgen binne wol grut." Sa soe it gerslân beskeadige reitsje troch it net bereinen fan it lân. Dat betsjut dat it gers mooglik opnij ynsiedde wurde moat. Ek hat de drûchte grutte gefolgen foar gewaaksen en kinne boeren dêrtroch dupearre reitsje.

"Gesprek fan de dei"

Neffens De Vries binne de soargen oer mislearre rispingen grut. "Dy binne grut en wurde mei de dei grutter." Yn Europa binne al ferskate gebieten dêr't rispingen ferlern gien binne troch de drûchte. Safier is it hjir noch net. "Noard-Nederlân is noch net in minste plak. Mar de soargen binne der wol. It is it gesprek fan de dei."

LTO besiket har leden sa goed mooglik te ynformearjen oer de maatregels dy't Wetterskip Fryslân nimt, en hoe't boeren dêr op antisipearje kinne. Oer skearegelingen wurdt noch net praat. "Dat is op dit momint noch prematuer", seit De Vries. "Mar as dizze situaasje noch lang duorret en dêr komme grutte skeagefallen út fuort, dan sille wy fansels ús bêst dwaan foar de boeren."

Regiobestjoerder Tineke de Vries fan LTO-Noord

Oertredingen fan it bereiningsferbod liede direkt ta in boete: 550 euro foar partikulieren en 1500 euro foar agraryske bedriuwen. It bereiningsferbod jildt noch net foar sportfjilden.

(advertinsje)