Pylgertocht einiget mei Pylgerfeest yn Sint-Jabik

In waarm gefoel. Sa omskriuwe in soad pylgers woansdei it Pylgerfeest yn Sint-Jabik. Hjirmei bedoele se net de waarmte bûten, mar de sosjale koheezje ûnder de kuierders en fytsers.
Santiago aan het Wad
De lêste moannen koene ferskate etappen rûn en fytst wurde rjochting it Fryske pylgerplak Sint-Jabik. It hichtepunt wie woansdei, de nammedei fan de hillige Sint Jabik. In grut part fan de dielnimmers kaam oan yn Sint-Jabik en dit waard fierd mei in spesjaal Pylgerfestival.

Pylgermiel

Foar de Grutte Tsjerke stie in tinte dêr't de minsken in spesjaal pylgermiel ite koene. Oanslutend wie der in prosesje fan Sint-Jabik nei Swarte Haan, foar de gelegenheid omdoopt ta Finisterre. Hjir wie ôfrûne nacht it festival Nacht aan het Wad.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy